Zolang de boom bloeit

Nei 2000
Nei 2000

It wide web op

Literêr tydskrift Ensafh, nûmer 6 fan 2017, temanûmer oer Baskyske literatuer.

De digitale revolúsje hat gigantyske gefolgen foar de Fryske literatuer. Yn 2000 ferskynt it earste Frysktalige ynternettydskrift en yn 2010 it earste e-boek. In grut part fan de Fryske literatuer en – fan grutter belang – fan it literêre bedriuw ferhuzet nei it ynternet. ‘Printing on demand’ (allinne printsje as der ferlet fan is) wurdt allyksa húsriem. It proses fan digitalisearring, dat syn einpunt noch lang net berikt hat, giet hân yn hân mei mânske ferskowingen yn de literêre wrâld. Der komme nije poadia, nije digitale mienskippen en fia weblogs en (benammen) Facebook kin elkenien daliks kommentaar jaan op aktuele ûntjouwingen – sûnder dat der in redaksje tusken sit. It literêre debat is der flugger en libbener fan wurden.

POËZY EN PROAZA

Doe’t Abe de Vries (berne yn 1965) al gau nei syn debút de Gysbert Japicxpriis fan 2005 krige foar syn twadde dichtbondel In waarm wek altyd foel it de sjueryleden op dat der in protte nije dichters warber wiene. Nei 2005 sette dy bloei ek noch in skoftke troch. Tusken 2000 en 2010 debutearren tritich dichters (net yn eigen behear) – sawat de helte fan alle dichters dy’t yn dat tiidrek mei ien of mear bondels kamen. Fan dy ploech wurdt de ambisjeuze performer Tsead Bruinja wol sjoen as de wichtichste ambassadeur fan Fryslân. Bruinja draacht like maklik foar op in poëzyfestival yn Yndonesië as yn in frouljusfinzenis yn Peru. Syn Frysktalich debút yn 2000 wie de bondel De wizers yn it read. Bruinja dichtet yn it Frysk en yn it Nederlânsk, nei syn debút folgen noch alve bondels. Yn 2009 waard er twadde by de ferkiezingen foar ‘Dichter des Vaderlands’. Bruinja wurdt net allinne frege as performer op festivals, mar hy makke ek namme as gearstaller fan blomlêzingen en as oersetter. Twa oare, ferrassende nijkommers binne letbloeier Aggie van der Meer (1927) dy’t sûnt 2000 tige warber is as dichter en romanskriuwer, en dichter en byldzjend keunstner Elske Kampen (1955). Sy debutearre yn 2010 mei de bondel Fan glês it brekken en publisearre dêrnei noch trije Frysktalige dichtbondels. Har waarden yn koarte tiid seis literêre prizen takend en se stie twa kear op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis. Mei de nije Fryske romanskriuwers giet it minder hurd as mei de dichters. Dêrom setten de Fryske útjouwers en It Skriuwersboun, mei finansiering fan it Nederlands Literair Productie- en Vertalingenfonds, it projekt Fryske Modernen op priemmen. Yn it projekt waarden jonge skriuwers coacht by it skriuwen fan in nije roman. Dat smiet by einsluten fiif nije romans op. Ien dêrfan wie In Jikse-libben (2008, Wat ze dan dacht, 2013) fan Janneke Spoelstra (1962), de earste eksplisyt lesbyske ferhalebondel yn de Fryske literatuer. It boek krige positive resinsjes en hearde by de tsien boeken dy’t útkeazen waarden foar de Frankfurter Buchmesse fan 2013. Yn it nijste Fryske proaza fine wy alderhande ûnderwerpen út de moderne maatskippij werom, fan it sykjen om spiritualiteit oant it skriuwen fan politike satire. Marga Claus skreau yn de autobiografyske roman Kompleten (2013) oer har retraite yn in kleaster en it ferstjerren fan har man, en Koos Tiemersma liet in aap listlûker wurde fan in nije populistyske partij yn In aap klimt út ’e beam (2014). Fryske skriuwers skoppe fierder noch altiten graach tsjin (wat sy sjogge as) hillige húskes oan. Je kinne hast gjin maatskiplik taboe betinke of der is wol Frysk proaza oer skreaun. Sa publisearre Willem Schoorstra yn 2004 de roman Swarte ingels oer in leafdesrelaasje tusken broer en sus (op it stuit wurdt wurke oan in ferfilming mei as titel De Understream) en komt Sipke de Schiffart yn syn koarte ferhalen op tema’s as misogyny en pedofily.

TYDSKRIFTEN EN ÚTJOUWERIJEN

De provinsje Fryslân makket om de fjouwer jier in ynventarisaasje fan de taalfeardigens fan de ynwenners. It meast resinte taalûndersyk lit sjen dat it der goed foarstiet mei it tal minsken dat – nei eigen sizzen – sûnder swierrichheden Frysk lêze kin (51 persint yn 2015, krekt wat mear as yn 2011). In wat somberder ferhaal fertelle de útliensifers fan Fryske boeken yn de biblioteek en de oplaach- en ferkeapsifers. Dy rinne alle trije tebek. Sa besteane de oplagen fan de earste printing fan de trochsneed Fryske roman en dichtbondel no út 700 en 200 eksimplaren. Tsien jier lyn wie dat noch 1000 en 250. Mei útsûndering fan in tal goed ferkeapjende skriuwers (finster 28) bliuwt it in poepetoer om (printe of digitale) Fryske boeken yn it omtinken fan it publyk te bringen. Skriuwers, oersetters en dichters meitsje dêrom sels fia de sosjale media aktiver reklame foar har wurk as tsien jier earder. En ek de literêre tydskriften sykje om it petear mei har lêzers. Yn de jierren njoggentich bestiene Trotwaer en Hjir yn freedsume rivaliteit njonken inoar, yn 2018 jildt itselde foar har digitale opfolgers De Moanne en Ensafh. Beide literêre tydskriften litte jin ek yn har profyl tinke oan de tydskriften dêr’t se út ûntstien binne. Ensafh is it libbene poadium foar jonge, begjinnende skriuwers en De Moanne (2002) de evenredige, grutte tsjinhinger. Ensafh ûntstie yn 2009 út in fúzje fan it papieren Hjir en ynternettydskrift Farsk (2003), dat sels wer in opfolger wie fan it earste Fryske ynternettydskrift Kistwurk (2000-2002). Ensafh presintearret himsels as ‘digitaal literatuerplein’ en pleatst om de trije dagen in nije bydrage. Dat kin in nij gedicht wêze, mar ek in ‘vlog’ of in audiofragmint. De website waard yn 2016 47.000 kear besocht, justjes mear as de site fan De Moanne (45.000). Yn printe foarm komt Ensafh noch seis kear jiers út, yn in oplaach fan goed trijehûndert. ‘Breed en kreatyf poadium’ De Moanne jout omtinken oan Fryske literatuer, mar ek oan byldzjende keunst, taal, muzyk en skiednis (ta fertriet fan guon dy’t dat in ferskraling fan de Fryske literatuer fine). Der komme sân papieren nûmers jiers út, de oplaach is 1300. In reade tried yn de Fryske literatuerskiednis is dat der altyd twa ‘grutte’ tydskriften en dêrnêst in tal lytsere njonken inoar aktyf binne. Ensafh en De Moanne wurde allyksa trochgeand kritysk begelaat fan weblochs, Facebooksiden en lytsere ynternettydskriften. Yn 2015 gie bygelyks Fers 2 fan start, kritysk platfoarm fan Abe de Vries en Friduwih Riemersma. De Facebookside fan It Skriuwersboun fungearret as digitale stamtafel foar de goed twahûndert leden: skriuwers, oersetters, sjoernalisten, leararen Frysk ensfh. Grutte feroaringen troch de opkomst fan de digitale media sjogge wy ta beslút yn de Fryske útjouwerswrâld. De Friese Pers Boekerij en de KU ferlearen beide har foaroansteand plak. De KU waard yn 2007 opheft, de Friese Pers Boekerij sloech yn 2017 fallyt troch de malêze yn de krantewrâld. Oare útjouwers namen har plak yn: Utjouwerij Hispel (útjouwer fan Hjir en Ensafh), Afûk/Utjouwerij Fryslân, Bornmeer (1992), Frysk en Frij (1997), Elikser (2007, spesjalisearre yn e-boeken en printing on demand), Wijdemeer (2012), Regaad (2013) en Het Nieuwe Kanaal (2016). Op Bornmeer, Hispel en Regaad nei binne se allegearre fêstige yn Ljouwert. Ein jierren njoggentich waard der noch klage dat Fryske boeken troch har ûnsjoch foarkommen der yn de boekhannel yn negative sin útkipen. Tsjintwurdich is der krekt in protte omtinken foar it grafysk ûntwerp en is der in oantal talintearre foarmjouwers en yllustratoaren warber.

LJOUWERT-FRYSLÂN KULTURELE HAADSTÊD FAN EUROPA 2018 (LF2018)

Op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert is begjin 2018 in nagelnij paviljoen iepene mei de namme OBE (nei de dichter Obe Postma). OBE is it besikerssintrum fan ‘Lân fan Taal’, ien fan de manifestaasjes fan LF2018. Lân fan Taal wol op alderhande wizen it belang fan taal en talen fiere en sjen litte hoe’t de ynwenners fan Fryslân omgeane mei meartaligens. It draait dêrby om it útwikseljen fan ideeën en ûnderfiningen mei Europa. Tsjêbbe Hettinga wie der noch by doe’t yn 2012 in feestlike optocht fan fjouwerhûndert Friezen nei it terrein fan de Westergasfabriek yn Amsterdam teach om dêr it earste bidbook foar Kulturele Haadstêd te presintearjen. Mei syn sonoar lûd droech er it gedicht ‘De stêd’ foar, dat ek op de papieren bân om it bidbook stie: ‘droegen fan krûme terpen skouders (…)/ yn wjokjend wetterlân syn spegel (…)/ mei iepen earmen wrâldûntfanger’. Noch foardat de Europeeske Uny in feit wie, hope Anne Wadman ek al dat it de bûtenwacht opfalle soe hoe tige oft de kultuer yn Fryslân troch in brede groep minsken droegen waard. Lytse taalgebieten as it Fryske koene neffens him in weardefolle bydrage leverje oan Europa. Santich jier letter stiet yn LF2018 krekt dy ferbining tusken kultuer en mienskip sintraal. Yn Lân fan Taal giet it net mear om ferskillen, mar krekt om oerienkomsten tusken talen: talen sûnder grinzen. Wat LF2018 ek opsmite mei foar de Fryske literatuer, it stiet fêst dat it gjin einpunt is, mar de start fan in nij tiidrek. Mei nije skriuwers, nije dichters en nije wizen om har wurk te dielen.

Finsters foar dizze perioade