Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.
- in greep út de finsters -
Wat hiene Friezen eins te sykjen yn Nederlânsk-Ynje en hokker literêre wjerslach hat Ynje hân op de Friezen? In protte Frysktalige ‘Yndyske literatuer’ is der net. Trije boeken jouwe elk in oar antwurd op dy fragen.
Wy kenne ûngefear tweintich runeynskripsjes, koarte teksten op deistich ark dat fûn is lâns de Noardseekust yn Nederlân en Dútslân. Is dat no wol of net skreaun Frysk? En wat wie eins de funksje fan dy ynskripsjes, wat fertelle de losse wurden ús oer de eigeners fan dat ark en har skriftlike kultuer?
De bizarre sênes
fan it toanielstik Waatze Gribberts bruyloft (1701)
litte jin tinke oan filmkes op YouTube, bygelyks wannear’t Waatze
fertelt dat er syn eigen koarre opslikke hat doe’t er sa dronken wie as
in kanon. Wie dit (anonime) toanielstik yn de achttjinde iuw noch
oeribele populêr, yn de njoggentjinde iuw waard der skande fan sprutsen.
Lokkich die bliken dat it de bewurking fan in Dútsk toanielstik wie.
Master, dokter, dominy, notaris, feedokter, gemeentesekretaris, gemeenteûntfanger, in pear ambachts- en hannelslju, wat boeren en wat rinteniers. Dat wiene neffens Trinus Riemersma yn de njoggentjinde iuw de lêzers fan Frysk proaza lykas Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856) en De Fryske Thyl Ulespegel (1860) of Fen 1856 oan 1859 fan Selskipsearelid Tsjibbe Gearts van der Meulen.