Zolang de boom bloeit

1975-2000

Finster 23 - Trinus Riemersma

Fan perioade 1975-2000 Trinus Riemersma oan tafel yn syn húskeamer, sirka 1973. Foto: Henk Kuiper.


Yn elk wurk probearre Riemersma in nij idee út. Hy fûn himsels as skriuwer hieltyd op 'e nij wer út.

 

Trinus Riemersma syn liifspreuk wie ‘ik kin net oer gedonder/ mar ik kin der noch minder sonder’. Yn syn lange skriuwerskarriêre (1959-2011) wie er redakteur fan fjouwer tydskriften, wêrûnder De Tsjerne en Trotwaer, fersette er him mei syn eigen, folle fonologysker stavering tsjin de ‘Steatestavering’, it staveringskompromis fan Provinsjale Steaten dat nei tsien jier hottefyljen yn 1980 yngie, en wie er oprjochter fan twa útjouwerijen. Mear as ien kear gie er fuort mei spul. Net allinne fan oaren, mar ek fan himsels easke er in protte. Yn elk wurk probearre Riemersma in nij idee út. Hy fûn himsels as skriuwer hieltyd op 'e nij wer út.

Trinus Riemersma waard berne yn Ferwert. Hy gie nei de kweekskoalle, publisearre syn earste stikjes en waard abonnee fan Quatrebras en De Tsjerne. Doe’t er yn 1964 debutearre mei Fabryk stie er al foar de klasse. Yn de jûnsoeren learde er troch. Nei syn doktoraal eksamen Frysk waard er yn 1979 wittenskiplik meiwurker oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam, dêr’t er yn 1984 promovearre op in stúdzje fan it langere Fryske proaza út de njoggentjinde en tweintichste iuw. Oant 1996 wie er dosint oan de learare-oplieding Frysk fan wat no ‘NHL Stenden Hogeschool’ hjit. Hy bleau oant koart foar syn dea yn 2011 tige warber as skriuwer, kollumnist en polemist.

As skriuwer en as wittenskipper ynteressearre Riemersma him foar triviale sjenres (finster 19). Hy bestudearre boereromans, KFFB-romans en folksferhalen, en skreau sels twa plysjeromans en in ‘splitscreenroman’. Yn syn wittenskiplik wurk mocht er graach wat polemyske prippen jaan. Sa stelde er yn syn dissertaasje dat de Fryske literatuer bewust achterrûn op de ûntjouwing yn de grutte stêden. As skriuwer gie er oarsom graach yn diskusje mei ‘de wittenskip’. Op syn webstek ‘Myn eigen eker’ bekende er dat er as soarte fan eksperimint fertelperspektiven hantearre hie dy’t neffens teoretisy net mooglik wiene. ‘Ik hie sa graach wollen dat immen dêr ris oer stroffele wie en sein hie: hee, dit is singelier, dit kloppet net.’

Riemersma hakke syn skriuwerskip sels yn twa stikken. De earste helte rûn oant 1981, de twadde begûn by syn tsiende roman, De Reade Bwarre (1992). Oan 1981 ta siet er op kop en earen yn literêr Fryslân, nei 1992 hâlde er mear ôfstân fan ‘dy klup’. As der mar ien lêzer wie dy’t him begriep, dan fûn er it fierder wol bêst. De Reade Bwarre wie yn 1992 noch mar krekt ferskynd of it gou al as in masterwurk. Dat seit in soad oer de reputaasje dy’t Riemersma opboud hie. Want De Reade Bwarre wie gjin lichte kost. De lêzers moasten wenne oan Riemersma syn eigen stavering fan it (Ferwerter) Frysk en trochkringe yn fiif fertellagen. De basisfertelling giet oer de profetearjende boarre Boldgrim (de hillige geast is him yn de kloaten fearn) en syn folgers. De oare lagen, oer gernier Harrem Módderklauwer, it jonkje Tilly en de Fryske beweging yn de Twadde Wrâldoarloch, wurde by inoar hâlden troch Tilly de telefonist, dy’t in oantal kopijskriuwers parten fan it boek skriuwe lit. Personaazjes springe soms oer fan de iene fertellaach nei de oare.

‘Party lêzers yn Fryslân hawwe it boek heal lêzen yn de boekekast set en dyselden dy’t it boek wol útlêzen hawwe piele der mei om, skriuwe de roman ferburgen betsjuttingen ta dy’t ea, yn de fiere takomst, in geniale letterkundige bleatlizze sil’, sa seit literatuerwittenskipper Liesbeth Brouwer. Riemersma wie huverich foar de cultstatus dy’t er krigen hie nei De Reade Bwarre: ‘… jimme sykje mar moai in oare messias!’. It die bliken dat it masterwurk, troch syn kompleks karakter en it grutte tal ferwizingen nei de Fryske literatuer(skiednis), dreech is om oer te setten. In Nederlânske oersetting is der dêrom noch net fan kommen.

Opdrachten

  • 1

    OPDRACHT:

    Oer de persoan en skriuwer

  • 2

    OPDRACHT:

    Oer Riemersma syn stavering
  • 3

    OPDRACHT:

    Oer de persoan en skriuwer - 2

Oare finsters