Zolang de boom bloeit

1945-1975
1945-1975

Blik op Europa

Leden fan It Skriuwersboun hingje protestleuzen op oan de Iepenbiere Bibleteek yn Ljouwert by in aksje foar lienfergoeding yn 1970. Twadde fan links is Josse de Haan, dêrnêst Meindert Bylsma (mei hoed) en oare skriuwers. Foto: Leeuwarder Courant.



As de Fryske literatuer bûten de provinsje ek meitelle wol, dan moatte de finsters nei de wrâld iepen. 

Hoe djip oft de Twadde Wrâldoarloch ek ynsnijd hat yn it literêre, sosjale en persoanlike libben, nei de oarloch is net sa mar ynienen alles oars. Skriuwers dy’t koart foar de oarloch publisearren yn It Heitelân en yn de ferskate blêden fan de ferpyldere Fryske beweging, dogge dat nei de oarloch yn it wichtichste literêre tydskrift De Tsjerne (1946-1968). En mei it argumint dat de ‘Ereraad voor de Letterkunde’ net goed oardielje kin oer de situaasje yn Fryslân, is ek it hantsjefol skriuwers mei in publikaasjeferbod al gau wolkom yn dat nije blêd. Sa’n fermoedsoenjende hâlding jout earst in oplossing foar fragen dêr’t de tydskriftredaksje gjin antwurd op hat. In heale iuw letter is it makliker om te oardieljen. Yn 1997 freget skriuwer en âld-Tsjerne-redakteur Freark Dam (1924-2002) him ôf: ‘Hie ’t dochs net better west dat de saak doe oan de grûn ta útpraat wie? Is der net te gau en te folle oersljochte? Binne guon eks-delinkwinten net wat te oerdwealsk wer ynhelle as ferlerne soannen?’ Ja, fynt yn 1951 de jongere generaasje dy’t úteinset mei it tydskrift Quatrebras (1954-1966). En dat fine guon Tsjerne-redakteuren letter sels ek. It oarlochsferline, sa docht bliken, ferdielt ein jierren sechstich op 'e nij de mieningen wannear’t De Tsjerne fusearret mei Quatrebras en Asyl (1963-1966). Ien ding binne de skriuwers it koart nei de oarloch wol oer iens. As de Fryske literatuer bûten de provinsje ek meitelle wol, dan moatte de finsters nei de wrâld iepen. 

202 0315_Althuysen.jpg
Obe Postma wie de earste oan wa’t (op 10 oktober 1947) de Gysbert Japicxpriis útrikt waard. Mr. H.P. Linthorst Homan, kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân, rikte de priis út. Foto: J.D. de Jong.



Sa súntsjeswei ûntstiene yn de jierren fyftich en sechstich twa literêre sirkwys, in sirkwy foar populêre literatuer en in lytser sirkwy foar moderne en eksperimintele literatuer.

SKIEDING TUSKEN LITERATUER EN BEWEGING

Nei 1945 rûnen de wegen fan de Fryske literatuer en de Fryske beweging hieltyd minder lykop. Dat proses gie stadich, mei hoarten en stjitten. It begûn mei it faak oanhelle iepeningsartikel ‘De bining ferbrutsen’ fan De Tsjerne, skreaun troch Fedde Schurer. De lêste akte spile yn de jierren sechstich. Doe ferskynden in pear bjusterbaarlike romans en De Tsjerne fusearre mei de twa hjirfoar neamde tydskriften ta Trotwaer. Dat foel ek allegearre tagelyk mei de ûntpyldering yn Nederlân – it proses wêryn’t Nederlanners riker waarden en de libbensbeskoulike pylders minder wichtich. De selskippen (sjoch it begjin fan perioade fjouwer) spilen yn de Fryske literatuer in hieltyd lytsere rol, en de striid foar de Fryske taal yn it iepenbiere libben (yn it ûnderwiis, it bestjoer, de kultuer) hie him ferlein nei de polityk.

Literatuer en polityk bleaune lykwols al nei oan inoar ferbûn. In stevige posysje fan de Fryske taal is ommers gaadlik foar alle skriuwers dy’t yn dy taal skriuwe. Oft se dêr no sels foar op ’e barrikaden stean wolle of net. Yn dat ramt falt it bygelyks op dat aktive skriuwers nei de oarloch wurken op wichtige knooppunten fan it Frysk-kulturele libben: as wittenskiplik meiwurker by de Fryske Akademy, ferslachjouwer foar de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad, de Friese Koerier, konservator fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD, oprjochte yn 1959) of redakteur by útjouwerij Laverman, dy’t him ûntjaan soe ta de wichtichste útjouwer fan Fryske literatuer yn it tiidrek oant 1970.

Sa súntsjeswei ûntstiene yn de jierren fyftich en sechstich twa literêre sirkwys, in sirkwy foar populêre literatuer en in lytser sirkwy foar moderne en eksperimintele literatuer. It ferhaal fan dy twa sirkwys kin ferteld wurde út ferskillende perspektiven wei. Lykas dat fan de redaksje fan De Tsjerne, Quatrebras of Asyl, of fan jonge skriuwers dy’t mei inoar de literêre wrâld opskodzje woene. Net allinne skriuwers, mar ek útjouwers spilen in krusiale rol. Utsein it ynfloedrike Laverman hiene je de kristlike útjouwerij Osinga en ‘âlde’ útjouwers lykas Brandenburgh en Kamminga. Om 1970 hinne namen nije útjouwerijen as de Koperative Utjowerij en de Friese Pers har plak yn. En ta beslút hiene je de resinsinten, lêzers en sjuery’s fan literêre prizen, lykas de Gysbert Japicxpriis, de grutte literêre priis fan de provinsje Fryslân (sûnt 1947, fergelykber mei de nasjonale P.C. Hooftprijs) en de Rely Jorritsmapriis (sûnt 1954); hokker Fryske literatuer wie neffens de oplaachsifers populêr, hokker krekt net, en hoe feroare dat troch it ferskinen fan nij proaza en nije poëzy? De twa wichtichste oerienkomsten yn al dy ferskillende ferhalen binne dat der yn de Fryske literatuer mear romte kaam foar it literêre eksperimint en dat der draachflak ûntstie foar útwikseling tusken de eigen en de ynternasjonale kultuer. 

202 0315_Althuysen.jpg
Abe Brouwer makket reklame foar syn boeken. Achter him Fedde Schurer, de man yn jas is Marten Sikkema. Foto: parseburo Boonstra, Ljouwert.



Koart nei de oarloch hie it der efkes skyn fan dat der bûten de provinsjegrinzen ek niget ûntstie oan de Fryske literatuer.

IN NIJ BEGJIN

It wie in nij begjin dat alle ferwachtingen oertrof. Yn maaie 1945 gie it earste Frysktalige wykblêd los, Frysk en Frij, mei in oplaach fan sechstjintûzen eksimplaren. Yn 1946 kamen dêr it algemien-kulturele moanneblêd It Heitelân (fyftjinhûndert abonnees) en it literêr tydskrift De Tsjerne by. It lêste krige sânhûndert abonnees – in nij rekôr foar in Frysktalich literêr tydskrift. Romans fan fêstige skriuwers lykas Abe Brouwer giene mear as fjouwertûzen kear oer de toanbank, mar ek de debútroman Fioele en faem (1948) fan Anne Wadman, in skriuwer dy’t tsjin de trie yngie, waard binnen in jier goed tûzen kear ferkocht. Yn 1948 wie it oantal Frysktalige publikaasjes mei 159 boeken op syn hichtepunt. Dat oantal wie hiel wat mear as it foaroarlochske rekôr. Freark Dam joech in oannimlike ferklearring foar dy hommelse populariteit fan de Fryske literatuer: yn nuodlike tiden sykje lêzers it heil op eigen hiem en der wie boppedat net folle oare ferdivedaasje. 

Yn 1950 wie de slimste lêshonger oer en sakken de sifers. It tal Tsjerne-abonnees gie ek omleech. It soe stykjen bliuwe om de fiifhûndert hinne, mei in fearn dêrfan bûten Fryslân. Mar yn ferhâlding mei Nederlânske literêre blêden as Podium (trijehûndert abonnees yn 1947) en De Gids (sa’n achthûndert abonnees yn 1951) wiene dy oantallen net sa min, ornearren de Tsjerne-redakteuren.  

Koart nei de oarloch hie it der efkes skyn fan dat der bûten de provinsjegrinzen ek niget ûntstie oan de Fryske literatuer. De Tsjerne hie in Amsterdamske útjouwer en Anne Wadman, it jongste redaksjelid, krige fan it Ministearje fan Underwiis, Keunsten en Wittenskippen de opdracht om in wiidweidige twatalige blomlêzing gear te stallen fan Fryske poëzy fan Piter Jelles ôf. It boek ferskynde yn 1949 by in Leidske útjouwer en waard mei goed tûzen eksimplaren aardich ferkocht, mar folle faker yn Fryslân as dêrbûten. It ynfloedrike literêre jongeretydskrift Podium, letter bekend wurden as it tydskrift fan in groep eksperimintele dichters (de Fyftigers), hâlde der yn itselde jier mei op om ek Fryske poëzy op te nimmen. Fryske skriuwers moasten kieze oft se meidwaan woene yn Fryske of yn Nederlânske literêre rûnten. Neffens oantallen stie dy Nederlânske literatuer der fansels folle better foar. Sels yn tiden fan foarspoed wie it útjaan fan Fryske literatuer letterlik in saak fan jild útjaan. En sa kaam it dat de Amsterdamske útjouwer it suksesfolle, mar ferliesjaande De Tsjerne yn 1949 oerdroech oan in Frysken.

503_Wadman,_Anne_Sybe_foto_J.D._de_Jong_Collectie_Tresoar_nr_204156_bewerkt%5B1%5D.jpg

Anne Wadman yn de fyftiger jierren. Foto: J. D. de Jong.



It blomlêzende karakter wie tagelyk de krêft en de grutste swakte fan it tydskrift.

DE TSJERNE

De redaksje fan De Tsjerne bestie hieltyd út fiif skriuwers. Trije manlju foarmen de fêste kearn en bleaune hast oan de ein ta redaksjelid. Dat wiene oprjochter Fedde Schurer, dichter D.A. (Douwe) Tamminga en essayist E.B. (Eeltsje Boates) Folkertsma – boechbylden fan de Fryske beweging en allegearre berne om 1900 hinne. Der sieten allinne manlju yn de redaksje, in plak foar froulju kaam der earst yn 1982 by opfolger Trotwaer. It eksklusyf literêre karakter fan De Tsjerne wie wol even wennen foar lêzers dy’t famyljeblêden as It Heitelân wend wiene. De flymskerpe proazakritiken fan Anne Wadman, alias ‘de beul fan De Tsjerne’, foelen ek net by elkenien likegoed. Polemyk wie in wichtich ûnderdiel fan De Tsjerne, en Fedde Schurer moast him geregeld as in soarte fan heit oer kreauwende skriuwers ûntfermje.

Sa bûnt fan gearstalling as de redaksje wie, sa’n ferskaat wie der ek by de bydragen. Yn de trijentweintich jier fan syn bestean joech it blêd in poadium oan tige út inoar rinnende skriuwers, ek dy fan konkurrearjende, mear eksperimintele literêre blêden as Quatrebras. Dat tydskrift kaam sels sa’n seis kear yn it jier út, hâlde it oan 1966 ta út en liet in dúdlike ynfloed sjen fan de Fyftigers (finster 21). De Tsjerne seach ek fierder as it eigen eachweid en joech yn spesjale temanûmers omtinken oan net-Fryske literatuer, lykas Bretonske en Surinaamske literatuer. Fierder fersoargen de redakteuren temanûmers oer Amearika, Edgar Allan Poe, Noarwegen, Slauerhoff en Shakespeare. It blomlêzende karakter wie tagelyk de krêft en de grutste swakte fan it tydskrift. By einsluten koe De Tsjerne de maatskiplike en literêre fernijing fan de rûzige jierren sechstich net byhâlde.

De Tsjerne ferskynde alle moannen en hie twaentritich siden. De minsken dy’t it measte bydroegen, wiene Sjoerd Spanninga (hast trijehûndert publikaasjes, meast gedichten), Douwe Tamminga, Durk van der Ploeg, Marten Sikkema en Anne Wadman. Dy lêste fjouwer wiene allegearre foar in koart of langer skoft redaksjelid. Dat Wadman it sa fier skopt dat er by de heechste fiif sit (Schurer is nûmer seis) is eins wol bysûnder, omdat er al rillegau út de redaksje stapte.

Wadman, dy’t Nederlânsk studearre hie yn Amsterdam en dêrnei learaar waard, hie himsels foarnommen om de Fryske literatuer om utens bekend te meitsjen. Behalven as romanfernijer waard en wurdt er wurdearre as kritikus fan Fryske en Nederlânske literatuer, earst yn De Tsjerne en letter ûnder oare yn de Ljouwerter Krante. Hy liet in yndrukwekkend oeuvre nei yn beide talen, yn totaal mear as fyftich boeken en tûzenen kritiken. Skriuwers moasten har neffens Wadman net allinne oriïntearje op Fryslân, mar ek op Europa. Mei in ferwizing nei Douwe Kalma syn Jongfryske Mienskip (sjoch perioade 4) sei er dat yn 1949 sa (oerset): ‘De provinsjale smoute isolaasje ôfswarrend wie der mar ien mooglikheid: jin yndied oriïntearje op in reëel Europa en net, lykas ’15 dat dien hie, op in “imazjinêre” wrâld.’ De folgjende generaasje skriuwers wie dat folslein mei him iens.

503_Wadman,_Anne_Sybe_foto_J.D._de_Jong_Collectie_Tresoar_nr_204156_bewerkt%5B1%5D.jpg

Omslach fan it Surinamenûmer fan De Tsjerne 
mei yllustraasje fan Nola Hatterman.



Neffens Wadman woene Fryske skriuwers no Fryske skriuwers wêze. De fernijing koe net mear opkeard wurde.

LITERÊRE FERNIJING

De iene fûn it ferfrissend, de oare fûn it mar neat. Mar freon en fijân wie it der oer iens dat de poëzy en koarte ferhalen yn Quatrebras hiel wat nijs wiene foar de Fryske literatuer. Earder hie der al wat trelit west om moderne, koarte ferhalen nei Amerikaansk en Dútsk foarbyld yn de bondel Sawn is in galgefol (1951). Resinsinten joegen de oarloch de skuld, sa wie it grif kommen dat jonge skriuwers de wrâld en Fryslân troch sa’n swarte bril beseagen. En doe ferskynden fuort nei inoar De smearlappen yn 1963 en Fabryk yn 1964, twa romans dy’t it Fryske literêre lânskip foargoed feroaren. De Ljouwerter Krante publisearre in brief fan immen dy’t nei De smearlappen fan Anne Wadman beslute om noait wer in boek fan dy skriuwer te lêzen, en dy’t doe Fabryk kocht hie, de debútroman fan Trinus Riemersma: ‘Wie schetst mijn verbazing toen ik merkte dat wat hier geschreven wordt nog veel erger is dan De smearlappen.’ It Friesch Dagblad folstie mei de meidieling dat Fabryk net foar in besprek yn de beneaming kaam. 

De skok kaam ta utering yn hege oplaachsifers yn Fryslân en om utens. De romans lieten sjen hoe grut de kleau wie tusken posityf-kristlike Fryske literatuer en moderne ‘Hollânske’ literatuer mei in negatyf minsk- en wrâldbyld. Wadman skreau De smearlappen as in parody op de Fryske boereroman (sjoch finster 13). Sintraal stiet de sabeare ûnnoazele Eelkje, dy’t swier rekket sûnder te witten wa’t de heit fan har bern is. Fabryk (troch Riemersma opdroegen oan Wadman) giet oer in fabryksarbeider dy’t linkendewei it kontakt mei de realiteit ferliest. Dat der yn de boeken iepentlik oer seks skreaun waard fûnen lêzers it slimst, dat die ûnderstek oan in idyllysk byld dat sy fan Fryslân koesteren. Yn 1963 sei Anne Wadman it sa (omstavere): ‘In soad goe-lju wolle graach de romantyske idylle fan it keine en sedige Fryslân bewarje, dat foar harren in (ferlern) paradyske is – sis mar it paradyske-oan-’e-poel fan Marten Baersma. En it eigenaardige is, dat somliken ûnder dy lju de seksuele iepenhertichheid fan Claus, Mulisch, Vinkenoog, Vaandrager en Wolkers sûnder argewaasje oannimme (of heechstens mei in froed skodholjen), mar foar de Fryske lettertún de seksuele doarren tichthâlde wolle …’ Neffens Wadman woene Fryske skriuwers no Fryske skriuwers wêze. De fernijing koe net mear opkeard wurde.

202 0315_Althuysen.jpg
Sa’n fyftjin foarlêzers liezen op 30 novimber 2013, bertedei fan de skriuwer, De smearlappen fan Anne Wadman yntegraal foar. Op ’e foto Liuwe van der Meer, ien fan har. Foto: Niels de Vries.



Yn it lêste ein fan de jierren sechstich wie demo- kratisearring it biedwurd. Literatuer moast de studearkeamer út en de dyk op.

MEI-INOAR FIERDER

De jierren 1964-1975 markearje de oergong nei in nij tiidrek yn de Fryske literatuerskiednis. Yn 1964 stapten Schurer en Folkertsma út de Tsjerne-redaksje om romte te meitsjen foar de jongere redaksjeleden Trinus Riemersma (1938-2011) en Lolle Nauta (1929-2006). Tamminga folge yn 1968. Nauta publisearre al fan 1954 ôf yn De Tsjerne en gou as in talentearre essayist en pleiter foar de breanedige literêre fernijing. Hy waard letter in foaroansteand filosoof en wie aktyf yn de lanlike polityk. Nauta koe der net by dat der yn 1959 trelit wie oer in eroatysk gedicht fan Hessel Miedema mei de slotrigels: ‘dêrom lei ik de kul oer it skouder/ en reizge floitsjend ôf’. Schurer drige mei gefoel foar dramatyk op in sympoasium de seal te ferlitten as it gedicht foarlêzen waard, al wist elkenien wol dat it wurd ‘kul’ dêryn foarkaam. Ek yn in konflikt om Folkertsma, fan wa’t nijkommer Bauke de Jong (1931-2015, ien fan de twa Asyl-redakteuren) antysemityske útspraken opdjippe hie, keas Nauta partij foar de jongeren. De âlderen moasten neffens him ophâlde inoar de hân boppe de holle te hâlden. 

Nei it fertrek fan Tamminga koe de fúzje fan De Tsjerne mei Quatrebras en Asyl, dêr’t al twa jieroer redendield waard, yn 1968 einliks trochset wurde. By it nije programma hearde in nije koers en in nije, moderne namme. Dat waard it lienwurd ‘trottoir’, stavere op syn Frysk-fan-doe: Trotwaer.

Yn it lêste ein fan de jierren sechstich wie demokratisearring it biedwurd. Literatuer moast de studearkeamer út en de dyk op. Neffens de linen fan dy ûntjouwingen bestege Trotwaer de earste jierren fan syn bestean in protte omtinken oan polemyk en maatskippijkrityk. Ek de oprjochting fan twa oare organen, It Skriuwersboun (1969), it Fryske fakbûn fan skriuwers dat him ynsette foar goede honoraria foar skriuwers, en de Koperative Utjowerij (KU, 1970-2007), past yn it demokratisearringsproses. De KU ûntstie nei it drigemint fan de trije grutte útjouwers fan dat stuit (Laverman, Osinga en Miedema) om gjin Fryske literatuer mear út te jaan as de provinsje ynstimme soe mei in fiergeande staveringsferoaring. It bysûndere fan de KU wie dat de útjouwerij op frijwillige basis rund waard troch de tolve skriuwers dy’t har elk foar tûzen gûne ynkocht hiene, ûnder oaren inisjatyfnimmers Teije Brattinga, Trinus Riemersma en Josse de Haan. Yn de earste fiif jier allinne al ferskynden der fyftich KU-útjeften, wêrûnder sa’n tweintich dichtbondels. Fan 1975 ôf joech de KU Trotwaer ek út. Troch op te arbeidzjen yn organen as Trotwaer, It Skriuwersboun en KU hopen de skriuwers in breder draachflak te beskreppen dêr’t de Fryske literatuer yn syn gehiel profyt fan ha soe. Mar de KU soe al gau konkurrinsje krije fan de Friese Pers Boekerij, nêst Trotwaer kaam der yn 1972 in oar literêr tydskrift, Hjir, en nij gehottefyl oer de foarnommen staveringsferoaring sette de ferhâldingen op 'e nij op skerp. 

503_Wadman,_Anne_Sybe_foto_J.D._de_Jong_Collectie_Tresoar_nr_204156_bewerkt%5B1%5D.jpg

Earste nûmer fan literêr tydskrift Trotwaer.

Finsters foar dizze perioade

  • Finster 17

    Fedde Schurer

    Fedde Schurer Perioade: 1945-1975

    Fedde Schurer kaam der net samar gewoan yn, hy makke syn entree. De lange jas wappere achter him oan, de tas hie er fêst ûnder de earm. Pipe en flaphoed makken it byld fan de dichter kompleet. Anne Wadman skreau oer him: ‘By al syn fleurichheid en kammeraatskip wie Fedde Schurer noait jins (ik bedoel fansels: myn) gelikense.’

  • Finster 18

    Rink van der Velde

    Rink van der Velde Perioade: 1945-1975

    ‘As ferslachjouwer ha ik fjirtich jier ûnder de minsken west. Dan hast op ’t lêst oeral wolris west en oeral wolris sjoen.’ Yn syn arkje tusken De Feanhoop en Drachten hie Rink van der Velde (1932-2001) in soarte fan kluzenersbestean. Ielfiskje en ielrikje, fûken boetsje, jeie en sa út en troch in feest ha foar freonen en kunde – sa brocht er syn simmers troch.

  • Finster 19

    De KFFB

    De KFFB Perioade: 1945-1975

    Der bestiet net in ‘bouquet’-rige yn it Frysk mar der is yn it Frysk wol triviale literatuer. As it dêroer giet, falt al gaueftich de namme fan de KFFB. Dy boekeklup boude in fûns op fan benammen streekromans en joech oan 1984 ta 317 boeken út. Ein 2017 stie de teller op 494.