Zolang de boom bloeit

Meitsje yn Searje36 de hark- en sjochtoets oer Rink van der Velde. Gean nei Searje36 en loch yn mei dyn gegevens of as Gast. By finster 18 kinst dêrnei de toets fine.

Lês foardat de toets begjint dizze oanwizingen goed troch!

  • Do krigest daliks in dokumintêre te sjen oer it meitsjen fan Fryske films. Dy giet oer ‘De Fûke’, ‘De Dream’ en ‘Sportman fan de iuw’.
  • De antwurden op de toetsfragen joust op it repetysjepapier datst krigen hast/krijst.
  • De toets is yn trije parten ferdield: elk part giet oer ien fan de films.
  • Nei elk part wurdt de dokumintêre ûnderbrutsen. Do hast dan de gelegenheid om de antwurden fan de fragen dy’t by it betreffende part hearre te beäntwurdzjen.
    It giet om sletten fragen: hast allegearre mearkarfragen.
  • Ast de fragen oer it betreffende part makke hast, dan leist dyn pinne del en dochst it boekje mei fragen ticht. Sa sjocht de dosint datsto klear bist.
  • Under it sjen en harkjen meist de fragen net ynsjen.
  • Under it sjen en harkjen meist wol oantekens meitsje. Dat dochst op in apart stikje papier, dus net op dyn repetysjepapier.

In protte súkses tawinske!