Zolang de boom bloeit

‘Zo lang Friesland bestaan heeft, bragt ‘t, zelfs onder het heffe zijns volks, nog nimmer zulk een onbeschoft schepsel voort als dezen vlegel met zijne familie.’

Dat skreau dokter Joost Hiddes Halbertsma oer de toanielfiguer Waatze Gribberts yn 1824. Lês de ynlieding fan Finster 4 der ek mar op nei.

1. Wat is ‘heffe des volks’? Wêrom neamt Halbertsma krekt dit part fan de Friezen?
2. Wêrom is it apart dat Halbertsma syn krityk rjochtet op Waatze Gribberts?
3. ‘Waatze Gribberts Bruyloft’ blykte in fertaling fan in Platdútsk toanielstik út de 17e iuw te wêzen (Teweschen Hochtydt, yn it Nederlânsk ek bekend: Westfaelschen speel-tuyn). Soe Halbertsma bliid west ha mei dy ûntdekking? Motivearje dyn antwurd.
4. As Waatze Gribberts Bruyloft hjoed-de-dei as tv-programma op Nederlân 1 komme soe, hokker piktogrammen fan de ûndersteande soest dan brûke?

Piktogrammen Beam.png

5. Mei hokker telefyzjeprogramma fan hjoed-de-dei soest Waatze Gribberts’Bruyloft kwa toan fergelykje wolle? Lis dyn keuze út.

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.