Zolang de boom bloeit

Yn de alinea’s 3 en 5 fan de finstertekst wurdt ek praat oer ûnderwurdearring fan it wurk fan froulike Fryske skriuwers.

  1. Wat foar krityk hie Jelma Knol op beoardielingen fan Tiny Mulder har wurk?
  2. Wat oerkaam Hylkje Goïnga faak by beoardieling en/of resinsjes? De folgjende fragen geane oer eigen lêserfaringen. Dêrby giet it om alle boeken dy’tsto yn de rin fan de tiid lêzen hast.
  3. Is der ferskil tusken manlike en froulike auteurs kwa styl, ûnderwerpen ensafh. neffens dy? Motivearje dyn antwurd.
  4. Lêsto leaver in boek fan in manlike of in froulike auteur (yn it algemien)? Of is der gjin ferskil?
  5. Is der hjoeddedei neffens dy yn syn noch in ferskil tusken de wurdearring fan froulju en manlju neffens dy? Motivearje dyn antwurd. Jildt dat antwurd neffens dy ek foar froulike en manlike auteurs? Motivearje dyn keuze yn dizzen ek.