Zolang de boom bloeit

  • Finster 3

    Gysbert Japix

    Gysbert Japix Perioade: 1550-1800

    Yn syn freonerûnte wie de Fryske dichter Gysbert Japix de iennichste dy’t yn it Frysk briefke. Wêrom’t Gysbert Japix foar it Frysk keas, is in riedsel dat noch altyd net oplost is. Dizze iene ‘ienfâldige skoalmaster’ hat in wichtich merk set op de Fryske literatuer.

  • Finster 4

    ‘Waatze Gribberts’ brulloft’ nêst ‘De Fryske boerinne’

    ‘Waatze Gribberts’ brulloft’ nêst ‘De Fryske boerinne’ Perioade: 1550-1800

    De bizarre sênes fan it toanielstik Waatze Gribberts bruyloft (1701) litte jin tinke oan filmkes op YouTube, bygelyks wannear’t Waatze fertelt dat er syn eigen koarre opslikke hat doe’t er sa dronken wie as in kanon. Wie dit (anonime) toanielstik yn de achttjinde iuw noch oeribele populêr, yn de njoggentjinde iuw waard der skande fan sprutsen. Lokkich die bliken dat it de bewurking fan in Dútsk toanielstik wie.