Zolang de boom bloeit

  • Finster 1

    Fryske runen

    Fryske runen Perioade: Oant 1550

    Wy kenne ûngefear tweintich runeynskripsjes, koarte teksten op deistich ark dat fûn is lâns de Noardseekust yn Nederlân en Dútslân. Is dat no wol of net skreaun Frysk? En wat wie eins de funksje fan dy ynskripsjes, wat fertelle de losse wurden ús oer de eigeners fan dat ark en har skriftlike kultuer?

  • Finster 2

    Poesie im Recht

    Poesie im Recht Perioade: Oant 1550

    Yn it Fryske Asegaboek, in samling Fryske wetten út de midsiuwen, koene je neffens Jacob Grimm de woartels fine fan de poëtyske Germaanske taal en kultuer. Yn syn essay Von der Poesie im Recht út 1816 gie er derfoar yn ’e pleit om goed op dy fertutearze skatten te passen. Oebele Vries, auteur fan de blomlêzing Asega, is het dingtijd? (2007) mei de hichtepunten fan Aldfryske tekstoerlevering, fynt de Aldfryske rjochtsteksten op plakken wol byldzjend, mar bellettry is it neffens him net.