Zolang de boom bloeit

Finster 13 giet foar in part oer de feroarjende wurdearring fan boereromans. Hoe’t dy feroaring ek west hat: noch oant dizze tiid ta binne boereromans soms ‘yn’.

a. Sykje yn de lêste twa alinea’s fan Finster 13 twa ‘bewizen’ dêrfoar. It earste út de jierren ’90 fan de 20e iuw, it twadde út de 21e
b. It bêst ferkochte boereferhaal út de skiednis is grif De Gouden Swipe. Sykje ris út
- wêr’t dat ferhaal oer giet. Notear dat yn 150-200 wurden
en sykje ek út hoe’t de populariteit fan it ferhaal der út seach:
- yn oplage (sis mar ferkeapsifers).
- ynternasjonaal.
- bewurking, behelje dêryn it jiertal 1995. Beskriuw dyn befining as ferfolchalinea(‘s) nei de
koarte ynhâld dy’tst krekt makke hast.

Brûk foar dizze opdracht: Wikipedy, Lezen voor de Lijst, en/of Sirkwy.