Zolang de boom bloeit

Ynlieding.

Yn de finstertekst stiet dat der út de perioade foar de fjirtjinde iuw gjin literêr Frysk wurk oerlevere is. Wol wurdt de namme neamd fan de skald (sjonger) Bernlef, bekend út de libbensbeskriuwing fan Liudger, in kristenpreker. De finstertekst beskriuwt ek dat de perioade fan de midsiuwen in protte belangstelling hân hat fan (taal)ûndersikers.  Soks jildt ek foar skriuwers en dichters út dy âlde tiden. Sa makke de folkgroep Irolt yn de jierren 60 fan de 20e iuw de ‘Gudrunsêge’. In nijer foarbyld is de roman
Rêdbâd, kronyk fan in kening fan Willem Schoorstra út 2011. Ek Theun de Vries, twatalich skriuwer út de 20e iuw, hat oer de perioade fan de betide midsiuwen skreaun. Yn syn ferhaal Wind en Avondrood spilet it runeskrift in rol.
Theun de Vries waard ûnder oaren bekend troch syn histoaryske roman
Stiefmoeder Aarde (1936), yn it Frysk oerset as Styfmem ierde troch Jan de Jong yn 1994. Dat ferhaal stiet ek yn de trilogy Het geslacht Wiarda (Querido 1977, 18e printing). Dy trilogy begjint mei it diel Noorderzon. Eins is dat op himsels ek wer in trilogy, dy’t begjint mei Wind en avondrood (1958). Dat ferhaal spilet him lykas sein ôf yn de midsiuwen, earne yn it noardlike terpelân fan Westerlauwersk Fryslân (8e iuw). It giet om de groeiende macht fan de Franken yn de Fryske gebieten by de Noardsee lâns. Mei dy Franken woeks de ynfloed fan it Kristendom. Haadpersoan yn it ferhaal is Una, in froulike stamlieder, dy’t besiket om it âlde Germaanske heidendom te behâlden. Boppedat moat se har de Noarmannen fan it liif hâlde.
Yn it ferhaal oer Una spilet it gebrûk fan runen in rol fan betsjutting. Sels de titel is dêr fan ôflaat.

Sjoch bygelyks dit sitaat út de roman
Wind en Avondrood fan Theun de Vries:

“Zij bukte vol spanning over de gevallen tekens; ze begreep niet wat ze beduidden, alhoewel er geen twijfel aan was wat zij voor woorden inhielden: wind en avondrood. Wind kon voorspoed zijn maar ook storm, ja, vele dingen aan wie het beweeglijke eigen is (…) Una staarde naar de verstrooide lettertekens en trachtte hetgeen ze uit de runen gelezen had, met elkaar te rijmen.” (s. 68).

Opdracht 3a.
A.    Helje it boek Wind en Avondrood út de biblioteek. Foar dy binne de siden 9 oant 82 fan belang. Fan dat part fan Het geslacht Wiarda is gjin Fryske oersetting bekend.
Foar mear ynformaasje oer boek en skriuwer: sjoch www.sirkwy.frl.
 
B.    Skriuw nei oanlieding fan itselde datst lêzen hast út Wind en Avondrood in tekst. Dyn tekst skriuwst yn de trant fan Wikipedia. It soe brûkt wurde moatte kinne as ûnderdiel fan in Wikipediabydrage oer it wurk fan Theun de Vries.

Ferwurkest yn alle gefallen yn de tekst:
- Rol en funksje fan it runeskrift en fan de runen sa’t dy yn it finster oer ‘Fryske runen’  oan de oarder komt. Brûk dêr de boppesteande ynlieding (ek) foar.
- De funksje fan runen dy’t Theun de Vries yn it ferhaal ferwurket (magysk of praktysk?).
 Slút dat al of net oan by de konstatearring yn de finstertekst?
- In passende passaazje út Wind en avondrood.
- In yllustraasje dy’t de sfear fan it ferhaal dy’t past by de troch dy keazen passaazje út Wind en avondrood.
- NB: De yllustraasje hoecht net perfoarst in ‘plaatsje’ te wêzen: it kin ek in passend gedicht of liettekst wêze. Brûk dêr it ynternet foar.
- Soargje by de fetprinte ûnderdielen funksje, passaazje, yllustraasje foar heldere motivearringen foar dyn keuzes.
- Soargje foar in ein-alinea mei in herkenber ôfslutend karakter.

De folgjende easken jilde ek noch foar dizze opdracht :
- Betink/brûk in gearfetsjende titel.
- Wurkje yn alinea’s (leafst mei tuskenrigel wyt).
- Soargje foar in Fryske tekst fan minimaal 300 en maksimaal 350 wurden.
- Meitsje yn in fuotnoat dyn Frysktalige oersetting fan de passaazje út Wind en avondrood dy’tst opnaam hast yn dyn tekst.

Opdracht 3b.
It runeskrift past yn de perioade fan it Germaanske heidendom, it Latynske skrift ûntwikkele him foaral yn de tiid dêrnei binnen it Kristendom.

Wat binne belangrike ferskillen tusken beide skriften?
Wat binne belangrike oerienkomsten?

Sykje foar beide skriften ek in tapaslike yllustraasje.

Meitsje antwurden op dy beide fragen ynsichtlik troch ûndersteand skema yn te foljen:

Skriftsoart
Runeskrift
Latynsk skrift

yllustraasje 1
yllustraasje 2
ferskillen


oerienkomsten