Zolang de boom bloeit

Opdracht 2a
Sykje mei help fan Wikipedy ynformaasje dy’tst brûke kinst foar dizze opdracht. Yn dizze opdracht makkest in karakteristyk fan de Bruorren Halbertsma.

Meitsje dy karakteristyk op basis fan dit format:

portret fan

peroanlike. ynformaasje
(byg. jiertallen, baan)

literêr wurk

persoan

Joast

 

 

 

Tsjalling

 

 

 

Eeltsje

 

 

 


Opdracht 2b
Hokker broer hie neffens dy de measte skaaimerken fan de romantikus? Begjin dyn miening sa:

‘Neffens my wie …. de meast ‘romantyske’ fan de Halbertsma’s, omdat …


Notearje dyn miening yn it Frysk, brûk 100 oant 150 wurden.

Opdracht 2c
Yn de ynlieding fan Haadstik 3 Syktocht nei it wiere Fryslân. Fan 1800-1900 stiet ûnder oare:

De bruorren Halbertsma leverje pionierswurk mei De lapekoer fan Gabe Skroar (1822) en bringe al har wurk letter byinoar yn de Rimen en Teltsjes (1871), út soarte it Fryske literêre monumint fan de njoggentjinde iuw.


De skriuwer fan dy ynlieding kiest foar it wurd ‘monumint’ en net foar it meartal ‘monuminten’. Is dy kar neffens dy te rjochte of net? Lis dyn antwurd út. Brûk dêrfoar de earste alinea fan Finster 5. De Halbertsma’s.

Opdracht 2d
‘Rimen en Teltsjes
’ wurdt in pear kear oantsjut as ‘ramtfertelling’. Notearje
a. wat dat krekt is,
b. wêrom dy oantsjutting by ‘Rimen en Teltsjes’ in goede keuze is.

Opdracht 2e
Joast Hiddes Halbertsma hat ek in finster krigen yn de Kanon fan de Fryske Skiednis. It is finster 22 mei de namme Mister Fryslân. By de Kanon heart in boek foar bern fan de basisskoallen en de ûnderbou fan it Fuortset Ûnderwiis: Gek op Skiednis (Afûk, Ljouwert 2014). It ferhaal oer Joast Hiddes stiet dêr as strip yn. By de downloads by it finster is de strip te finen.

1. Wêr hat Joast Hiddes de bynamme Mister Fryslân neffens de strip oan te tankjen? Notearje trije aspekten en set by elts aspekt wêr’t dat werom te finen is yn de strip. Doch dat sa (foarbyld!): Joast reizge in hiele protte, stripside 3, plaatsjes 7,8 en 9.
2. Yn de strip giet it ek oer ‘Rimen en Teltsjes’  (ûnder oare side 4, plaatsje 4). Skriuw minstens twa ferskillen op ast de ûntsteansskiednis fan dat boek út de strip ferlikest mei dy yn de finstertekst Syktocht nei it wiere Fryslân 1800-1900?

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.