Zolang de boom bloeit

Waatze Gribberts Bruyloft

Dat is: Acht aerdige en geneuglijke uyt-komsten: vertoonende de slechten boeren aerd, plompe zeeden ende drollige reden; seer geneuchlijck en vermaeckelijck om te lesen. In ’t platte Friesch.

Sa stie yn 1701 skreaun op it titelblêd fan de earste útjefte fan dit ferhaal yn 1701.

  1. Set boppesteande 18e iuwske tekst oer yn modern Frysk. Tink der dêrby om dat de wurden ‘slechten’, ‘plompe, ‘drollige’ en ‘platte’ gjin negative klank ha!
  2. Waatze Gribberts Bruyloft is dus yn it ‘platte Friesch’. Wat is dan opfallend oan de taal fan it titelblêd? Jou in mooglike ferklearring fan dy keuze.

As stikken lykas Waatze Gribberts Bruyloft foarlêzen of spile waarden dan koe ‘de fliebbe har fin nochlykheid by de piep del lopen’ skreau de dichter Anne Jeltema yn 1787: de taharkers kwijlden derfan, dus! Sa moai fûnen se it.

‘Waatze Gribberts Brilloft, Kommedje fen acht Uitkomsten; rjeucht fermeitselyk om te lezzen. Yn it Lân-Friesk’.
(Driuwckt in to keap to Liauwert, by de Widdou C.L. fen Altena oppe Kelders, 1820)

Dat stiet op in herdruk, dy’t dokter Everwinus Wassenbergh letter drukke litte soe.

    3. Ferlykje beide titelpagina’s. Notear trije opfallende saken.
    4. Wêr blykt de populariteit fan dit toanielstik út?
    5. De namme fan dokter Wassenbergh ûntbrekt. Jou dêr in mooglike ferklearring foar.

0316a Titelbl Waatse Gribb 1701.jpg

0316b Titelbl Waatse Gribb 1820.jpg

Opdracht makke troch Gerrit Hoekstra.