Zolang de boom bloeit

Studinten Frysk en havo-/vwolearlingen mei Frysk yn it eineksamenpakket hawwe te krijen mei Fryske literatuer. Dat wurdt ek noch neamd yn de lêste alinea fan de finstertekst oer Fryske Literatuerwittenskip.

Hoe soesto wolle dat it ûnderdiel Fryske Literatuer der by dy op skoalle útsjen moast? Behelje yn dyn foarstel yn alle gefallen:

  • wol of net literatuerskiednis?
  • tal te lêzen boeken?
  • al of net oersettingen tastean?
  • films en/of toanielstikken tastean? Sa ja, hoefolle dan?
  • wize fan ferwurking?
  • manier fan toetsing?

Motivearje dyn kar op alle gebieten.