Zolang de boom bloeit

Brûksto sels Frysk op sosjale media? As dat sa is, mei wa dielsto dan berjochten yn it Frysk? En stelsto dan ek easken oan de taal? Wêrom wol/net?

Gean nei: http://fryslan.gemeentedocumenten.nl/www.fryslan.frl/fy-nl/3414/fryske-taalatlas/index.html 

Ast dit dokumint oanklikst, komst op in side mei in tal ûndersiken nei it gebrûk fan it Frysk oer de lêste jierren. Klik dêrfan de meast aktuele oan. (Yn de tiid fan it meitsjen fan dizze opdracht wie dat de Taalatlas fan 2015) Yn it oanklikte dokumint komt nei de Ynlieding in tekst “Utkomsten Taalûndersyk … yn wurden”. Lês dêrfan it part ‘Utkomsten provinsje Fryslân’.

Sykje dêrnei side 11 en 12 fan it dokumint op en besjoch de stêfdiagrammen oer de behearskingnivo’s fan basistaalfeardichheden prate en lêze.