Zolang de boom bloeit

De Gysbert Japicxpriis is in yn 1947 troch de Deputearre Steaten fan Fryslân ynstelde literatuerpriis, neamd nei de dichter Gysbert Japiks. Ut Salang’t de beam bloeit, side 128:

De leden fan de sjuery (offisjeel: ‘advyskommisje’) foar de Gysbert Japicxpriis beoardielje it nije en oarspronklik Frysktalige literêre wurk fan de foargeande fjouwer jier, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2015 gie it om proaza: likernôch tachtich titels, benammen romans, yn de folle breedte fan it sjenre – fan boeken foar de lêzer dy’t wat beleve wol en werkenning siket oant titels foar de betûfte literêre fynpriuwer. Dêr keas de sjuery in shortlist út fan trije, dy’t der útkipen yn styl, taalrykdom en fernijing: Littenser Merke (2013), In kop as in almenak (2013) en Einum (2012). Einum waard bekroand mei de Gysbert Japicxpriis fan 2015.

Meitsje dyn eigen top 3

Nim de ynformaasje oer de trije boeken troch. De ynformaasje bestiet per boek út in resinsje en in filmke oer de skriuwer en it boek. Hielendal ûnderoan it sjueryrapport fan de Gysbert Japicxpriis 2015 en in artikel fan Sietse de Vries yn it LC fan 20 juli 2015 oer de shortlist fan de Gysbert Japicxpriis.

Skriuw op basis fan de ynformaasje in eigen ferslachje per boek fan sa’n 150 wurden. Skriuw dêryn wat dy wol of net oansprekt oan it boek. Meitsje dan in eigen top 3 fan de trije boeken en motivearje dyn kar.

1. In kop as in almenak – Elske Schotanus
Filmke: 


Besprek fan Meindert Reitsma: http://www.demoanne.nl/fragminten-fan-in-libben 

2. Einum – Koos Tiemersma
Filmke:

Besprek fan Sjoerd Bottema: http://www.demoanne.nl/lok-en-leed-yn-einum 

3. Littenser merke – Ale S. van Zandbergen
Filmke: 


Besprek fan Meindert Reitsma: http://www.demoanne.nl/side-nei-side-ferwundering 


Ynformaasje oer de trije boeken:

Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2015 http://www.sirkwy.frl/images/literere_prizen/dokuminten/advyskommisje_gysbert_japicxpriis_rapport_2015_NL.pdf

Leeuwarder Courant/20 juli 2015/Sietse de Vries https://www.dekrantvantoen.nl//vw/article.do?code=LC&date=20150720&id=LC-20150720-ZU01024003