Zolang de boom bloeit

Opdracht 3a.

Fedde Schurer syn namme sil altiten ferbûn bliuwe oan Kneppelfreed, 16-11-1951.|

Wat wie/is Kneppelfreed? Om dêr achter te kommen:
- Besjoch it filmke op Tsjil fan Omrop Fryslân. Op 10.40 begjint it stikje oer Kneppelfreed.
- Lês nei it sjen fan it filmke de finstertekst.
- Lês as lêste dit berjocht.

Op dizze wize hast dy in byld foarme fan wat letter Kneppelfreed hite soe.
Ferwurkje dyn ynformaasje yn in sabeare tsjûgeferslach: do wiest dy deis op it Saailân en do makkest mei wat der barde.

Easken oan dyn ferslach:
- Skriuw yn it Frysk.
- Brûk 300-350 wurden.
- Ferdiel de tekst yn alinea’s.
- Notear in prikeljende, útnûgjende titel.
- Brûk in foto as yllustraasje.

Om dy op gong te helpen:
As ynhâldseleminten soest tinke kinne oan:
- Wat diesto doe krekt yn Ljouwert?
- Wiest in meistanner fan Schurer?
- Krigesto ek klappen?

Ferwurkje ek achtergrûnynformaasje:
- Wat wie de oanlieding fan de rjochtsaak?
- Wat wie de gong fan saken dêr?

Opdracht 3b.
Nei Kneppelfreed is de juridyske posysje fan it Frysk stadichoan ferbettere. Likegoed binne der noch genôch Friezen dy’t fine dat it noch folle better kin en moat. Dêrom wurdt der noch altiten praat oer en striden foar mear rjochten en bettere beskerming fan it Frysk.

Soe dat stribjen (=streven) liede kinne ta in Kneppelfreed 2.0? Mei oare wurden: soene der yn it Fryslân fan ús tiid demonstraasjes ûntstean kinne lykas op 16 novimber 1951? Wat soe dan de mooglike oanlieding wêze kinne? En is der in ferbân te lizzen mei bygelyks de ûntwikkeling fan Kataloanje, it diel fan Spanje dat yn 2017 sa fier gie dat in folksbeweging in eigen, ûnôfhinklike steat útroppe woe? Motivearje dyn antwurd.

Ferwurkje dyn ideeën hjiroer yn
a. in riddenearring of
b. in sabeare krante-artikel oer Kneppelfreed 2.0 op 16 novimber 20… (ful sels in jiertal yn)

De ferwurking is yn prinsipe frij fan easken. Ast lykwols wat stjoering ha wolst: brûk de easken dy’t by Opdracht 3a stean as rjochtlinen.