Zolang de boom bloeit

Fedde Schurer hat foar de Fryske literatuer en foar it Frysk in belangryk man west. Yn dizze opdracht moatst dat sjen litte. Dat dochst sa:

- Brûk in A3-formaat papier.
- Set yn it midden in foto fan Fedde Schurer.
- Meitsje seis tekstblokken:
       - Twa dêrfan werspegelje de persoan fan Fedde Schurer.
       - Twa dêrfan jouwe de literêre betsjutting fan Fedde Schurer wer.
       - Twa dêrfan toane syn belang foar de Fryske taal oan.

Ynformaasje kinst fine yn it finster 17 sels. Dêrneist kinst gebrûk meitsje fan teksten dy’t yn 2017 yn de Leeuwarder Courant stien ha: tekst 1, tekst 2.

Dy teksten geane oer it stânbyld fan Schurer heal op it terras fan ‘Het Gerecht’ op It Fean. Kearn derfan: beskamsum dat sa’n belangrike man op in kafeeterras stiet! (û.o. Hylke Speerstra). Saskia van Westhreenen beneamt yn har artikel ek it belang fan Schurer.