Zolang de boom bloeit

Beäntwurdzje de fragen. Antwurden kinst fine yn de earste alinea fan it finster oer Fedde Schurer.

1. Yn rigel 3 fan dy alinea stiet ‘ … makken it byld fan de dichter kompleet.’ Notear yn punten hoe’t dat byld der neffens de skriuwer fan de finstertekst útsjocht.
Besykje dêrneist om in ôfbylding op ynternet te finen dat tichtby dat byld komt. Set dy yllustraasje by dyn opsomming.
2. Anne Wadman jout yn de earste alinea fan it finster in persoanlike yndruk fan Fedde Schurer. Is dat in positive of in negative yndruk? Motivearje dyn antwurd.
3. Schurer wie in man dy’t net bang wie om minderheidsstânpunten yn te nimmen stiet yn alinea 1. Dat betsjut dat er net mei de grutte massa meiprate. Notear trije ‘dwerse’ stânpunten fan Schurer.
4. Lês de folgjende beide bewearingen:
I. Schurer waard ynspirearre troch it pasifisme, it kristlike leauwe en it sosjalisme.
II. Schurer syn ynspiraasjeboarnen wienen sosjalisme, kristlik leauwe en liberalisme.
Kies de goede mooglikheid:
A. Allinne bewearing I is wier.
B. Allinne bewearing II is wier.
C. De beide bewearingen binne wier.
D. De beide bewearingen binne net wier.