Zolang de boom bloeit

  • Oant 1550

    Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1550

    Swiid ferneamd ferline. Skreaun Frysk oant 1550

    Allinnich it topke fan de iisberch is oerbleaun, de rest is ferdwûn yn it weagjende wetter fan de tiid. Wannear’t wy it oer it Aldfrysk ha, want sa neame wy it Frysk út de midsiuwen, hawwe wy it meastal oer in lyts korpus fan wetsteksten en oarkonden dy’t Fryske mûntsen rûchwei tusken 1300 en 1500 kopieard hawwe. De teksten jouwe in unyk byld fan de libbenswrâld fan de Friezen yn de midsiuwen en fan har taal. It is mar in skijntsje fan wat der yn de midsiuwen oan skreaun Frysk yn omrin wie. Yn in seldsum gefal komt der noch in nij flardsje nei boppen op stikjes perkamint dy’t letterlik ynklamme sitte tusken teksten yn it Latyn en it Nederlânsk.

  • 1550-1800

    Frysk leechlân

    Frysk leechlân

    'In stjer oan de literêre himel’ of ‘in berch yn leechlân’, sa wurdt Gysbert Japix (1603-1666) wol neamd. Syn sukses fertelt ús in soad oer de situaasje fan it skreaune Frysk foar 1800. Neidat it yn de midsiuwen twahûndert jier bestjoerstaal west hie, kaam der in tiidrek dat it skreaune Frysk foaral goed fûn waard foar ferdivedaasje. Tink dêrby oan werkenbere gelegenheidsferskes of twaspraken. Dat wol fansels net sizze dat al it Frysktalige literêre wurk út dat tiidrek sa bedoeld wie.

  • 1800-1900

    Syktocht om it wiere Fryslân

    Syktocht om it wiere Fryslân

    De beskieden bloei fan de Fryske literatuer dy’t yn de achttjinde iuw begjint mei de werûntdekking fan it  wurk fan Gysbert Japix set him yn de njoggentjinde iuw troch. De bruorren Halbertsma leverje pionierswurk mei De lapekoer fan Gabe Skroar (1822) en bringe al har wurk letter byinoar yn de Rimen en Teltsjes (1871), út soarte it Fryske literêre monumint fan de njoggentjinde iuw. In klassiker as Waling Dykstra syn De silveren rinkelbel (1856), de earste roman yn it Frysk, ferskynt yn dizze iuw.

  • 1900-1945

    Mei-inoar ien of ferdield oer pylders?

    Mei-inoar ien of ferdield oer pylders?

    It tiidrek fan de iuwwiksel oant de ein fan de Twadde  Wrâldoarloch is in rûzige tiid foar de Fryske literatuer. Tusken 1900 en 1940 ferskine mear as tritich nije Frysktalige tydskriften op it toaniel. Foar in grut part kinne wy dy keppelje oan nije organisaasjes dy’t nêst it liberale Selskip fan 1844 warber wurde op taalpolityk mêd. Der komme aparte Frysktalige ferieningen en dus ek nije tydskriften foar studinten en oare Friezen om utens, protestanten, jongerein, roomsk-katoliken, sosjalisten en grifformearden. De jongerein en de protestanten litte har no it meast jilde yn de Fryske literatuer, wylst de ynfloed fan it âlde Selskip nei 1915 minder wurdt.

  • 1945-1975

    Blik op Europa

    Blik op Europa

    Hoe djip oft de Twadde Wrâldoarloch ek ynsnijd hat yn it literêre, sosjale en persoanlike libben, nei de oarloch is net sa mar ynienen alles oars. Skriuwers dy’t koart foar de oarloch publisearren yn It Heitelân en yn de ferskate blêden fan de ferpyldere Fryske beweging, dogge dat nei de oarloch yn it wichtichste literêre tydskrift De Tsjerne (1946-1968).

  • 1975-2000

    De bewende paden del en oare wegen

    De bewende paden del en oare wegen
    Nei de rûzige jierren sechstich bedarret de Fryske literatuer yn it lêste part fan de tweintichste iuw yn wat rêstiger farwetter. Oant de trochbraak fan ynternet krekt foar de millenniumwiksel hâlde de literêre tydskriften en útjouwerijen út de rebûljetiid har wichtige rol. Wat wol yngripend feroaret, is de finansiering fan de Fryske literatuer.
  • Nei 2000

    It wide web op

    It wide web op
    De digitale revolúsje hat gigantyske gefolgen foar de Fryske literatuer. Yn 2000 ferskynt it earste Frysktalige ynternettydskrift en yn 2010 it earste e-boek. In grut part fan de Fryske literatuer en – fan grutter belang – fan it literêre bedriuw ferhuzet nei it ynternet. It proses fan digitalisearring, dat syn einpunt noch lang net berikt hat, giet hân yn hân mei mânske ferskowingen yn de literêre wrâld.